Evenement details:
-
za11sep2021
Wervingsactie Nij Talint Orkest
‘Nij Lûd yn Súdwest’ is in muzikale toernee fan Mienskipsorkest Warkum (MO Warkum) en fynt plak op sneon 11 septimber2021. De muzikanten út dit orkest ha allegear it blazen leard yn ferskillende Nij Talint Orkesten by ferienings yn de Súdwesthoeke. Mei dit projekt wolle de muzikanten, dirigint Jan Hibma en Stichting Nij Lûd sjen litte dat elkenien in ynstrumint bespylje kin. En dat it hartstikke leuk is om mei syn allen muzyk te meitsjen. Dit is ek it wervingstrajekt foar nije muzikanten yn de plakken dy't meidogge oan it Nij Talint Orkest Súdwest.It MO Warkum spilet yn alle plakken 20 minuten. It slotkonsert yn Koudum (in oere en in kertier) is in mienskiplik konsert dêr’t muzikanten fan alle seis ferienings oanslúte.
Toernee:09.45 Parregea10.45 Warkum12.00 It Heidenskip13.30 Bakhuzen14.45 Starum16.00 Koudum